Bartlehiem

Gean nei: navigaasje, sykje
Locator map of Bartlehiem.png
It earder molkfabryk
Fearten by Bartlehiem, east-west de Dokkumer Ie, op de eftergrûn de betonnen brêge oer de Aldtsjerksterfeart.
Brechje by Bartlehiem dêr't de riders út Frjentsjer wei ûndertroch komme.

Bartlehiem is in buorskip tusken Wânswert yn Ferwerderadiel en Aldtsjerk yn Tytsjerksteradiel, op de krúsing fan ’e Dokkumer Ie, de Feinsumer Feart en de Aldtsjerkster Feart. Foar in part leit er ek yn de gemeenten Ljouwerteradiel en Ferwerderadiel. Der wenje sawat 70 minsken (2006).

Namme

De namme "Bartlehiem" is in ferbastering van "Bethlehem", nei it eardere kleaster mei dy namme, wat in heale kilometer fierder nei it easten stie.

Alvestêdetocht

De buorskip - en mei him de lytse brêge oer de Feinsumer Feart - is wrâldferneamd troch de Alvestêdetocht. Op harren tocht komme de reedriders twa kear troch Bartlehiem: de earste kear fan Frjentsjer ôf op wei nei Dokkum ta, en dan de twadde kear fan Dokkum út nei Ljouwert. Dat makket Bartlehiem it iennichste plak dêr't by de Alvestêdetocht yn trije rjochtingen reedriders sichtber binne.

Oar

It molkfabryk út 1893 is yn 2010 ferboud ta in lytsskalige wenfoarm foar deminten.

The article is a derivative under the Creative Commons Attribution-ShareAlike License. A link to the original article can be found here and attribution parties here. By using this site, you agree to the Terms of Use. Gpedia Ⓡ is a registered trademark of the Cyberajah Pty Ltd.