Fingaalsk

Jump to navigation Jump to search
Fingaalsk
algemien
eigen namme Fingal
lânseigen yn Flag of Ireland.svg Ierlân
tal sprekkers († ±1850)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Noardwestgermaansk
        ● Angelsaksysk
          ● Fingaalsk

It Fingaalsk is in útstoarne taal dy't foarhinne yn in diel fan eastlik Ierlân sprutsen waard, en dy't nei alle gedachten ta de Noardwestgermaanske groep fan 'e Westgermaanske talen hearde. Mei it Ingelsk, it Skotsk en it krektlyk útstoarne Yola foarmet it de Angelsaksyske taalgroep. Der is net folle fan it Fingaalsk oerlevere.

Taalgebiet

It Fingaalsk waard sprutsen yn 'e Fingal-regio fan eastlik Ierlân, de krite fuort benoarden en -noardwesten fan 'e Ierske haadstêd Dublin. Fingal, sûnt 1994 in selsstannige county, wie foarhinne de noardlike helte fan County Dublin, mei as súdgrins de rivier de Tolka. De namme komt fan it Ierske Fine Gall, dat "gebiet fan bûtenlanners" betsjut. Dy namme datearret nei alle gedachten fan 'e Iere Midsiuwen, doe't de Wytsingen delsettingen yn dizze krite stiften.

It eardere Fingaalske taalgebiet (lj.grien) yn County Dublin (d.grien) en Ierlân.

Skiednis

Krekt as it Yola fan County Wexford, yn it uterste súdeasten fan Ierlân, ûntstie it Fingaalsk nei alle gedachten troch de fêstiging fan Ingelske kolonisten yn súdeastlik Ierlân yn 1169. Yn 'e fjirtjinde iuw wûn de Ierske taal dat gebiet lykwols werom op it Ingelsk, wêrby't twa taalenklaves, dy fan it Yola en it Fingaalsk, oerbleaune. Fan gefolgen moatte de kolonisten it kontakt mei Ingelân grutdiels ferlern hawwe, sadat harren sprektalen har yn it resultearjende relative isolemint yn in eigen rjochting ûntwikkelje koene.

Taalkundige Alf Sommerfelt hat it idee oppenearre dat it Midingelsk yn Fingal op in substraat fan Aldnoarsk telâne kaam, en dat it him dêrom oars ûntwikkele hat as it Angelsaksysk yn Ingelân, mar lettere ûndersikers hawwe gjin bewiis fan sa'n Noardgermaanske ynfloed fine kinnen. It Fingaalsk stoar om 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw hinne stadichoan út.

Oerlevering

Der binne twa folsleine, langere teksten yn it Fingaalsk oerlevere, allebeide satiryske gedichten, te witten: it relatyf koarte Fingallian Dance en it folle langere Purgatorium Hibernicum. Beide gedichten binne anonym en wurde beskôge as in humoristyske parody op it Fingaalsk troch skriuwers dy't gjin memmetaalsprekkers wiene, wat har wearde yn taalkundich opsjoch beheind makket. Ferskate serieuzere fragminten binne ek bewarre bleaun, lykas it hjirûnder werjûne treurdicht dat in mem op it grêf sette fan har soan, dy't in fisker en jager wie. Dizze tekst waard as kuriozum oerlevere yn John Dunton syn Letters from Ireland. De wurden a roon en moorneeng binne lienwurden út it Iersk (fan a rúin en múirnín) en betsjutte beide likernôch "leafste".

Fingaalsk Ingelsk Frysk

Ribbeen a roon
Ribbeen moorneeng
Thoo ware good for loand, stroand and mounteen
For rig a tool and roast a whiteen
Reddy tha taakle
Gather tha baarnacks
Drink a grote at Nauny Hapennys

Robin my love
Robin my dear
You were good for land, strand and mountain
Good with tool and [at] roast[ing] a whiting
Ready the tackle
Gather the bannocks
Drink a groat at Nanny Halfpenny's

Robin myn leafste
Robin myn skat
Do wiest goed foar lân, strân en berch
Mei ark en reau en [om] in witing te roasterjen
Om it túch ree te meitsjen
De bôlen op te krijen
Foar in stoer te drinken by Nanny Halfpenny

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.

The article is a derivative under the Creative Commons Attribution-ShareAlike License. A link to the original article can be found here and attribution parties here. By using this site, you agree to the Terms of Use. Gpedia Ⓡ is a registered trademark of the Cyberajah Pty Ltd.