Flevolân

Jump to navigation Jump to search
Provinsje Flevolân
Flagge fan Flevolân Wapen fan Flevolân
Flagge fan Flevolân Wapen fan Flevolân
Kaart fan Flevolân
Haadstêd Lelystêd
Kommissaris fan
de Kening
Leen Verbeek (PvdA)
Religy (1999) Protestant 25%
Katolyk 13%
Oerflak
- Lân
- Wetter
11e
1.419 km²
993 km²
Ynwenners
- Totaal
- Befolkingstichtens
12e
403.280 (2015)
286 inw./km²
Oantal mienskippen 6
Geografyske koördinaten 52°31' NB 5°29' EL
Folksliet Waar wij steden doen verrijzen...
NUTS NL23
ISO 3166-2 NL-FL
Offisjele webside https://www.flevoland.nl/

Flevolân (Nederlânsk: Flevoland) is in provinsje fan Nederlân en waard as sadanich oprjochte yn 1986. It hat in oerflak fan 1.419 km².

Skiednis

Plannen om de Sudersee yn te polderjen kamen healwei de 18e iuw op it aljemint. De Iselmar ûntstie yn 1932 troch de oanlis fan de Ofslútdyk. Dêrnei waard de Noardeastpolder yn 1942 drûchlein. Skoklân en Urk waarden part fan it fêstelân fan de Noardeastpolder. Yn 1943 setten de earste minsken har nei wenjen yn Emmeloard. Eastlik-Flevolân waard yn 1957 drûchlein, tsien jier dêrnei sette de earste minsken har nei wenjen yn Lelystêd. Súdlik-Flevolân waard yn 1968 drûchlein. Yn 1976 wienen de earste huzen Almere boud. Tusken 1963 en 1976 waard de Houtribdyk boud. Dêrtroch ûntstie de Markermar De Houtribdyk ferbynt Enkhuzen mei Lelystêd. Stadichoan setten hieltyd mear minsken har nei wenjen yn polders. De gebieten dy't drûchlein waarden foelen earst ûnder bysûnder bestjoerlik gesach. Súdlik-Flevolân foel it langste ûnder it bysûnder bestjoerlike gesach, yn 1984 ûntstienen de gemeente Seewâld en Almere. Yn 1986 waard de provinsje Flevolân formeel oprjochte.

It lândskip fan Flevolân

Gemeenten

Flevolân bestiet sûnt it oprjochting in 1986 út 6 gemeenten.

GemeentenFlevolandNrs.png
  1. Almere
  2. Dronten
  3. Lelystêd (haadstêd)
  4. Noardeastpolder
  5. Seewâld
  6. Urk

Sjoch ek

Eksterne ferwizing

 
Flevolân
Flagge fan de provinsje Flevolân
Almere - Dronten - Lelystêd (haadstêd) - Noardeastpolder - Seewâld - Urk
 
Nederlân
Flagge fan Nederlân
Drinte - Flevolân - Fryslân - Gelderlân - Grinslân - Limburch - Noard-Brabân - Noard-Hollân - Oerisel - Seelân - Súd-Hollân - Utert
The article is a derivative under the Creative Commons Attribution-ShareAlike License. A link to the original article can be found here and attribution parties here. By using this site, you agree to the Terms of Use. Gpedia Ⓡ is a registered trademark of the Cyberajah Pty Ltd.