Kleaster Bethlehem

Gean nei: navigaasje, sykje

It Kleaster Bethlehem wie fan 1163 oant 1580 in frouljuskleaster yn Tytsjerksteradiel, in proasdij neffens de regel fan de Norbertinessen.

Skiednis

It kleaster waard likernôch 1163 stifte as frouljuskleaster foar it kleaster Mariëngaard troch Freark fan Hallum, de earste abt fan dat kleaster. Sirka 1235 waard fan it kleaster Bethlehem út it kleaster Belboch yn Pommeren stifte, en yn 1242 it kleaster Marije' Grêf. Nei in tebekgong waard it troch Take Aebinga, abt fan it kleaster Mariëngaard ophelle. Hjirby waarden ek de eardere wite klean fan de nonnen ferfongen troch swarte klean. Yn 1580 waard it kleaster sletten, lykas dat mei alle kleasters yn Fryslân barde.

Lizzing

It kleaster lei yn de klaaihoeke fan Tytsjerksteradiel, yn it noardwesten fan de gemeente. It lei op in terp tusken de Dokkumer Ie, de Aldtsjerkster Feart en it eardere Riedpoeltsje, likernôch op 53°16'34''N - 5°51'20''E. It hie in weiferbining mei de wei de Dokkumer Ie bylâns.

De namme fan it kleaster bestiet, bastere, noch as de namme fan it buorskip Bartlehiem, dat dêr oan de Dokkumer Ie leit. Op it eardere plak fan it kleaster stean hieltiid noch gebouwen mei de namme Bethlehem, mar no mei in ferbining mei de Wierewei.

Sjoch ek

The article is a derivative under the Creative Commons Attribution-ShareAlike License. A link to the original article can be found here and attribution parties here. By using this site, you agree to the Terms of Use. Gpedia Ⓡ is a registered trademark of the Cyberajah Pty Ltd.