Spaansk

Gean nei: navigaasje, sykje
Spaansk
algemien
eigen namme español, castellano
lânseigen yn Spanje, Argentynje, Bolivia, Dominikaanske Republyk, Ekwador, El Salvador, Ekwatoriaal-Guinee, Fenezuela, Gûatemala, Hondueras, Kolombia, Kosta Rika, Kuba, Meksiko, Nikaragua, Panama, Paraguay, Perû, Sily en Urûguay.
tal sprekkers 400 - 500 miljoen
skrift it Latynske alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
dialekten  ?
taalstatus
offisjele status Spanje, Argentynje, Bolivia, Dominikaanske Republyk, Ekwador, El Salvador, Ekwatoriaal-Guinee, Fenezuela, Gûatemala, Hondueras, Kolombia, Kosta Rika, Kuba, Meksiko, Nikaragua, Panama, Paraguay, Perû, Sily en Urûguay. Ek Jeropeeske Uny, Feriene Naasjes en de Feriene Steaten.
taalkoades
ISO 639-1 es
ISO 639-2 spa
ISO 639-3 spa

Spaansk (Spaansk: español) of Kastiliäansk (castellano) is in Romaanske taal en is ien fan de meast sprutsen talen op 'e wrâld. Hjoed de dei is it Spaansk de offisjele taal fan Spanje, de measte Súd-Amearikaanske lannen en ekwatoriaal Guinee. Spaansk is ek ien fan de seis offisjele talen fan de Feriene Naasjes.

Meksiko is it grutste Spaansktalige lân en it is de grutste twadde taal yn 'e Feriene Steaten fan Amearika.

Skiednis

It Spaansk is ûntstean út it Fulgêr Latynsk, de taal fan de Romeinen, dy't it Yberyske skiereilân sa'n 700 jier ûnder har regear hiene. Under ynfloed fan it Keltiberysk, Baskysk, Fisigoatysk en letter troch de Moaren it Arabysk, hat de taal him út it Latynsk wei ûntjûn. Der binne grutte ferskillen lykas by it weifallen fan de Latynske namfallen, sêftere bylûden (vita nei vida) en it diftongearjen fan koarte lûden ("terra nei tierra).

In side fan Cantar de Mio Cid, yn it midsiuwske Spaansk.

It politike bewâld op it Ibearyske skiereilân en ferskillende substraten hawwe laat ta it ûntstean fan besibbe talen lykas it Portegeesk, it Katalaansk en it Galisysk dy't se hjoed de dei jit prate, en it Mosarabysk, in taal oan it Spaansk besibbe en dat sprutsen waard troch Spaanske Kristenen dy't yn Islamityske kriten libben. De earste Spaanske teksten komme út 'e 9e iuw. It Cantar de Mio Cid, fan de 12e iuw, is ien fan de âldste lange teksten yn it Spaansk.

It earste wurdboek waard skreaun yn 1492, it jier dat Kristoffel Kolumbus Amearika ûntduts, wie it útein setten fan it Spaansk as wrâldtaal. Sûnt dy tiid binne der twa ûntjouwingen fan wurdskat en útspraak, dy fan Súd-Amearika is wat oars as dy fan Spanje. Yn dat jier waarden ek de Joaden út Spanje wei reage, sadat it Joadske Spaansk, ek bekend as Sefardysk, him as tredde fariant op it aljemint brocht.

Yn de 17e iuw hie de taal in stikmannich klankferskowings dy't foar it meastepart net fan tapassing binne op it Súd-Amearikaanske Spaansk en it Sefardysk. Dêrfandhinne stiet it Súd-Amearikaanske Spaansk tichter by it Spaansk fan 1492 as dat fan no. Yn 1713 waard de Real Academia Española stifte, dêr't se binnen Spanje in taalienheid mei besochten te krijen. De grûnslach fan de hjoeddeiske standerttaal is in dialekt út 'e kriten fan Toledo.

Utwreiding

Yn Noard-Amearika woeks it Spaansk sûnt de twadde helte fan de 20e iuw. In protte flechtelingen fan Kuba en Meksiko, en fan Porto Riko dat by de Feriene Steaten heart, hawwe har nei wenjen set yn 'e súdlike steaten fan de Feriene Steaten. Yn 'e Feriene Steaten hat it Spaansk yn guon fan de steaten ek politike erkenning.

Sibskip

It Spaansk is in Romaanske taal, dêr't de West-Yberyske taalkloft by heart. Dat binne benammen talen dy't op it Yberyske skiereilân praat wurde. Dy talen binne aardich te ferstean foar mekoar. It Portugeesk en it Spaansk hawwe wat grammatika en wurdskat in grut tal oerienkomsten. Der wurdt ek wol rûze dat dy talen foar 89% deselde wurdskat hat.

It Spaansk is ek besibbe oan Romaanske talen lykas it Frânsk, Italjaansk, Roemeensk en in stikmannich lytse talen.

Taalkoades

De ISO 639 taalkoades foar it Spaansk binne "es" en "spa". Om't it Wikipedia-projekt meast, lykas winske op it ynternet, de twaletterige koades brûkt, wurdt de Spaanske Wikipedy oantsjut mei de koade "es:".


Wikipedia
Dizze taal hat syn eigen Wikipedy. Sjoch de Spaanske ferzje.
The article is a derivative under the Creative Commons Attribution-ShareAlike License. A link to the original article can be found here and attribution parties here. By using this site, you agree to the Terms of Use. Gpedia Ⓡ is a registered trademark of the Cyberajah Pty Ltd.