Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje
It logo fan de Fryske Wikipedy

Wikipedy is in iepen, rjochtenfrije ensyklopedy, dy't troch elkenien bewurke wurde kin. It wurd is in kombinaasje fan wiki en ensyklopedy. In Wikipedy is in taalferzje fan it Wikipedia-projekt fan de Wikimedia Foundation, in yn Floarida fêstige organisaasje. Wikipedia is it meast oanskreaune en suksesfolste projekt fan de foundation. Wikipedia bestiet op it stuit, desimber 2008, út 265 wikipedyen. Mei Wikipedy wurdt almeast doeld op de Fryske Wikipedy.

Wiki

Om't in Wikipedy de foarm hat fan in wiki, kin elkenien siden yn in wikipedy feroarje. Dit is tagelyk de krêft en it swakke stee fan in wikipedy: Elkenien kin flaters ferbetterje, mar elkenien kin ek nije flaters meitsje. Algemien wurdt troch de wikipedia-mienskip oannaam dat it foardiel grutter is as it neidiel.

Funksjonearjen

Op de measte Wikipedyen binne út en troch problemen mei fandalisme: bewurkings dy't mei sin de Wikipedy minder meitsje. Troch dat de skiednis fan eltse side bewarre bliuwt kinne sokke feroarings lykwols gau genôch tebekdraaid wurde.

Eltse Wikipedy hat in foarkar foar dát gebiet dêr't de taal fan dy Wikipedy it meast praat wurdt. Lykwols binne it generale ensyklopedyen: hoe mear at der skreaun wurdt hoe mear der ek oer gebieten fierder fuort skreaun wurdt.

Erasmuspriis

Yn 2015 waard oan de Wikipedia-mienskip de Erasmuspriis takend.

Sjoch ek

The article is a derivative under the Creative Commons Attribution-ShareAlike License. A link to the original article can be found here and attribution parties here. By using this site, you agree to the Terms of Use. Gpedia Ⓡ is a registered trademark of the Cyberajah Pty Ltd.