Wikipedy:Meidwaan mei de Fryske Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje

Dizze Fryske Wikipedy stiet noch yn 'e berneskuon. En lykas mei alle oare wikipedyen moat men ienfâldich begjinne. Jo kinne ek jowes oan de Fryske Wikipedy dwaan.


In hiele ensyklopedy? In poepetoer!

It liket suver tefolle wurk en meitsje in folsleine ensyklopedy. Doch is soks mooglik, sjoch mar nei de Nederlânsktalige, de Sweedske, Frânske, Dútske, Poalske, Esperanto en Spaanske wikepedyen (sj. Haadside ûnderoan); se waakse alle dagen, alle oeren. It memmeprojekt, de Ingelsktalige Wikipedy, hat al mear as 4.300.000 artikels (augustus 2013) en is yn in pear jier tiid ta in wichtige en gesachhawwende boarne fan kennis útwoeksen. It Frysk is in gâns lytsere taal, sa net, mar der binne doch in pear hûnderttûzen minsken dy't it prate en skriuwe kinne. Yn it Fryske taalgebiet is likegoed in moaie keppel folk dy't sines ta dit projekt dwaan kin. En dêr hearre jo miskien ek by.

Wêr moat ik begjinne?

De measte Wikipedyen binne begûn mei it oersetten fan siden, of parten fan siden út oare Wikepedyen. Sadwaande krijt men in ramt, dêr't de lytse Wikepedy yn waakse kin.

Binne der ienris in stikmannich trouwe Wikepedianen dy't in fêste kearn fan dizze Wikepedy útmeitsje, dan kinne dy meiinoar in ploechje foarmje dat kediist oer it útwreidzjen fan dat fûnemint. Der kinne dan bygelyks ynformaasjesiden foar nije dielnimmers bykomme, aardich mear haadûnderwerpen, en in bettere struktuer en organisaasje. Dat, lit it nijs oer de buorren gean!


Oersette mei ik net oer

It oersetten fan oarmans wurk liket jo op fleanen? Dan ha jo der faaks niget oan om jo eigen witten troch te jaan. Elkenien kin einliks meiwurkje, mei't elk wol kennis oer it ien of oar hat: in hobby, in stúdzjemêd of berop, in sport, in ynstelling, de eigen stêd of it eigen doarp, de polityk, kompjûters, folle net genôch. Boppedat: it garjen fan kennis is moai en learsum wurk. Wês dan ek net skruten om as ien fan 'e earsten wat nijs oan de Frysktalige Wikepedy ta te foegjen. It biedwurd fan Wikepedy is: fiel jo frij en brân mar los!


Myn favoryt ûnderwerp stiet der noch net op.

Wolle jo oer hiel wat oars skriuwe as oer de dingen dy't op 'e foarside steane? Bêst genôch! Meitsje gewoan in nije side (sj. In nije side meitsje) en skriuw in kreas stikje, likefolle hoe lang. It wichtichste is dat jo útein sette! It sil jo fernuverje hoe maklik oft it is, en hoe'n aardichheid om jo eigen bydragen te pleatsen.


Ik wol hjir einliks leaver gjin flaters meitsje.

Dêr't hout kappe wurdt, falle spuonnen. Mar at der net hakke wurdt, kin it fjoer net baarne. Wês dan ek net bang om flaters te meitsjen, want dat dogge wy hjir allegear. Fersint ien him, dan kinne oaren dat sjen en de flater ienfâldichwei ferbetterje, byneed mei in lyts tekstje om freonlik it hoe en het fan de oanpassing te ferdútsen. Sa helpe Wikepedianen inoar. Witte jo wat net? Eltse side hat in oerlisside, dêr't jo fia de keppeling "Oerlisside" hinne gean kinne om jo fraach te stellen. Of freegje it op 'e algemiene Oerlisside, of byneed op 'e Nederlânsktalige Wikipedy; dêr binne trochstrings wol minsken oan it wurk. In tip: sneup earst ris wat yn de oare Wikipedyen, dat jo in idee krije fan hoe't de stikken derút sjogge, en hoe't der wurke wurdt.


Fryske Wikipedy? Wêrom wurdt der dan ferwiisd nei in Nederlânske wikipedy?

Guon ynformaasjesiden fan dizze Fryske wikipedy binne yn it begjin oerset fan de Nederlânsktalige Wikipedy. Dat wie in lyts begjin om de Fryske Wikipedy wat op 'e tried te helpen. Mar der binne saken dy't op de Nederlânske wikipedy wat fierder útskreaun binne. Ek is it op dy Wikipedy drokker, dat der binne dei en nacht minsken te finen at jo wat freegje wolle en daalks antwurd hawwe wolle.


En wat moat dat mei dat Ingelsk?

It programma fan de Wiki is Ingelsk, dat eltse kear at der wat nijs oan tafoege wurdt, dan is dat yn it Ingelsk. As part fan it projekt om de Wikipedia sa ynternasjonaal mooglik te meitsjen kin dat dan al oanpast wurde, mar de behearders witte net altiten krekt hokfoar Ingelske berjochten der bykomme. Sjoch jo in Ingelske tekst, skriuw dan ien fan de behearders, of skriuw op de algemiene Oerlisside.


Dêrom: Sjogge jo de Fryske Wikipedy as in utdaging en hawwe jo in kertierke neat om hânnen? Wêrom net ienfâldichwei begjinne?!

PS. Nochris: Hawwe jo in fraach der't jo hjir gjin antwurd op fine kinne, dan kinne jo dy stelle op de algemiene Oerlisside, en oars op Nederlânsktalige Wikipedy. Se helpe jo graach (at jo Nederlânsk skriuwe).


Sjoch ek

The article is a derivative under the Creative Commons Attribution-ShareAlike License. A link to the original article can be found here and attribution parties here. By using this site, you agree to the Terms of Use. Gpedia Ⓡ is a registered trademark of the Cyberajah Pty Ltd.