5 augustus is de 217e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 218e). Der folgje noch 148 dagen oan 'e ein fan it jier ta.
Foarfallen
1667 - Ingelân tekenet de Frede fan Breda mei de Republyk fan 'e Feriene Nederlannen. Dit ferdrach makket in ein oan 'e Twadde Ingelske Oarloch. Ingelân hâldt New York, mar jout Sint-Eustatius en Saba werom. Ek docht it ôfstân fan Suriname en fan Kormantyn, in fort yn West-Afrika. It fersoepelet de Akte fan Navigaasje en jout syn oanspraken op Pulau Run, yn 'e Banda-eilannen, op. Dit is in grutte oerwinning foar de Republyk en benammen foar riedpinsjonarisJohan de Witt.
1754 - De âldst bekende hurdsylwedstryd wurdt beskreaun as Aarnt Hânses, weard yn De Jonge Prins te Grou, in wedstryd fersile lit.