Evenhoevigen

Evenhoevigen
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: evenhoevigen (Artiodactyla)
Owen, 1848

De evenhoevigen (wittenskiplike namme: Artiodactyla) foarmje in skift fan de klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia) dat karakterisearre wurdt troch it hawwen fan twa teannen (of oars sein: spjalten hoeven); de beide bûtenste teannen binne rudimintêr oanwêzich. De evenhoevigen binne benammentlik bekend as de meast súksesfolle plante-iters dy't der binne. Lang wiene de ûnevenhoevigen de meast súksesfolle groep hoefdieren, mar dy ferlearen dy posysje doe't yn it Mioseen de wâlden romte makken foar gerzige flakten.

In stikmannich soarten evenhoevigen binne domestisearre troch de minske en binne fan krúsjaal ekonomysk belang, lykas de ko, it skiep, de geit, de baarch, it kamiel, de lama en it rindier. Hja binne wol tige fetber foar sykten as tongblier, wat de ûnevenhoevigen (lykas it hynder en de ezel) wer net binne.

Foarhinne bestie it skift fan 'e evenhoevigen út trije ûnderskiften: de baarcheftigen, de kamieleftigen en de wjerkôgers. Fan 'e nylhoarsen is lang miend dat se it neist besibbe wiene oan 'e bargen en de pekarys, mar koartby hat nij ûndersyk útwiisd dat se eins it naust besibbe binne oan 'e walfiskeftigen. Dat hat fiergeande gefolgen hân foar de taksonomyske yndieling, mei't de walfiskeftigen no ûnder de evenhoevigen rekkene wurde moatte. It skift wurdt sadwaande no ek wol Cetartiodactyla of "walfiskeftigen en evenhoevigen" neamd.

Yn elts gefal kin no sein wurde dat de evenhoevigen oeral op 'e wrâld (mei útsûndering fan Antarktika) foarkomme. Kwa uterlik rinne se útinoar fan 'e lytse kantjyl, dy't noch gjin 3 kg weaget, oant de blauwe finfisk, dy't in gewicht fan 170 ton berikke kin.

Skiftopbou

Troch de ynpassing fan 'e walfiskeftigen yn dit skift is de yndieling op 't heden noch wat in rommeltsje; wêr't hjirûnder "takson" stiet, wol dat sizze dat dy taksonomyske groep noch net in nije rang tawiisd krigen hat.

  • skift evenhoevigen (Artiodactyla)
    • incertae sedis (yndieling ûnwis)
      • famylje Amphimerycidae
    • ûnderskift ylpoatigen (Tylopoda)
      • incertae sedis (yndieling ûnwis)
        • skaai Gobiohyus
        • famylje Choeropotamidae of Haplobunodontidae
        • famylje Homacodontidae of Altiaconodontidae of Bunomerycidae
        • famylje Protoceratidae
      • boppefamylje Anoplotherioidea
        • famylje Anoplotheriidae
        • famylje Cainotheriidae
        • famylje Dacrytheriidae
      • boppefamylje kamieldieren (Cameloidea)
        • famylje kamieleftigen (Camelidae): 7 soarten
        • famylje Oromerycidae
      • boppefamylje Merycoidodontoidea of Xiphodontoidea
        • famylje Agriochoeridae
        • famylje Merycoidodontidae
        • famylje Xiphodontidae
    • rangleas takson baarch- en walfiskeftigen (Artiofabula)
      • ûnderskift baarcheftigen (Suina)
        • boppefamylje baarchdieren (Suoidea)
          • famylje bargen (Suidae): 19 soarten
          • famylje Sanitheriidae
        • boppefamylje pekarydieren (Tayassuoidea)
          • famylje Doliochoeridae
          • famylje pekarys (Tayassuidae): 4 soarten
      • rangleas takson walfiskeftigen en wjerkôgers (Cetruminantia)
        • rangleas takson walhoarseftigen (Cetancodontamorpha)
          • skaai Achaenodon
          • skaai Andrewsarchus
          • skaai Siamotherium
          • famylje Entelodontidae
          • ûnderskift nylhoarsen en walfiskeftigen (Whippomorpha of Cetancodonta)
            • boppefamylje Dichobunoidea
              • famylje Cebochoeridae
              • famylje Dichobunidae
              • famylje Helohyidae
              • famylje Mixtotheriidae
            • boppefamylje nylhoarseftigen (Hippopotamoidea)
              • famylje Anthracotheriidae
              • famylje nylhoarsen (Hippopotamidae): 2 soarten
            • rangleas takson walfiskdieren (Cetaceomorpha)
              • famylje Raoellidae
              • tuskenskift walfiskeftigen (Cetacea)
                • lytsskift oerwalfisken (Archaeoceti) †
                  • famylje Ambulocetidae
                  • famylje Pakicetidae
                  • famylje Protocetidae(parafyletysk)
                  • famylje Remingtonocetidae
                • rangleas takson seewalfisken (Pelagiceti)
                  • famylje Basilosauridae
                  • famylje Kekenodontidae
                  • rangleas takson nije walfisken (Neoceti)
                    • lytsskift bleinwalfisken (Mysticeti of Mystacoceti): 15 soarten
                      • famylje Llanocetidae
                      • famylje Mammalodontidae
                      • boppefamylje echte walfiskeftigen (Balaenoidea)
                        • famylje dwerchwalfisken (Cetotheriidae)
                        • famylje echte walfisken (Balaenidae)
                      • boppefamylje Eomysticetoidea
                        • famylje Cetotheriopsidae
                        • famylje Eomysticetidae
                      • boppefamylje finfiskeftigen (Balaenopteroidea)
                        • famylje finfisken (Balaenopteridae)
                        • famylje grize walfisken (Eschrichtiidae)
                        • famylje Pelocetidae
                    • lytsskift toskwalfisken (Odontoceti): ±75 soarten
                      • famylje Ashleycetidae
                      • famylje Simocetidae
                      • famylje Xenorophidae
                      • boppefamylje Yndyske rivierdolfinen en sibben (Platanistoidea)
                        • famylje haaietoskdolfinen (Squalodontidae) †
                        • famylje Yndyske rivierdolfinen (Platanistidae)
                      • boppefamylje Stegocetoidea
                        • famylje Agorophiidae
                        • famylje Waipatiidae
                      • rangleas takson dolfyndieren (Delphinida)
                        • boppefamylje dolfyneftigen (Delphinoidea)
                          • famylje Albireonidae
                          • famylje brúnfisken (Phocoenidae)
                          • famylje dolfinen (Delphinidae)
                          • famylje Kentriodontidae
                          • famylje Odobenocetopsidae
                          • famylje wite dolfyneftigen of narwaleftigen (Monodontidae)
                        • boppefamylje Sineeske rivierdolfinen (Lipotoidea)
                          • famylje Sineeske rivierdolfinen (Lipotidae) mooglik †
                        • boppefamylje Súdamerikaanske rivierdolfinen (Inioidea)
                          • famylje Orinokodolfinen (Iniidae)
                          • famylje La-Platadolfinen (Pontoporiidae)
                      • rangleas takson potfiskdieren (Physeterida)
                        • boppefamylje potfiskeftigen (Physeteroidea)
                          • famylje dwerchpotfisken (Kogiidae)
                          • famylje potfisken (Physeteridae)
                        • boppefamylje spitssnútdolfyneftigen (Ziphioidea)
                          • famylje spitssnútdolfinen (Ziphidae)
        • ûnderskift wjerkôgers (Ruminantia)
          • tuskenskift hoarnleazen (Tragulina)
            • famylje Archaeomerycidae
            • famylje Bachitheriidae
            • famylje dwerchharten (Tragulidae): 6 soarten
            • famylje Gelocidae
            • famylje Hypertragulidae
            • famylje Leptomerycidae
            • famylje Lophiomerycidae
            • famylje Praetragulidae
          • tuskenskift hoarndieren (Pecora)
            • incertae sedis (yndieling ûnwis)
              • famylje Dromomerycidae
            • lytsskift sjiraffoarmigen (Giraffomorpha)
              • famylje gaffelantilopen (Antilocapridae): 1 soarte
              • famylje Palaeomerycidae
              • boppefamylje sjirafeftigen (Giraffoidea)
                • famylje Climacoceratidae
                • famylje sjiraffen en okapys (Giraffidae): 5 soarten
            • lytsskift kofoarmigen (Bovimorpha)
              • boppefamylje hartdieren (Cervoidea)
                • famylje harteftigen (Cervidae): 49 soarten
                • famylje Hoplitomerycidae
              • boppefamylje kodieren (Bovoidea)
                • famylje holhoarnigen of hoarnfee (Bovidae): 135 soarten
                • famylje muskusharten (Moschidae): 7 soarten

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.